In pear wiken
nei it ferstjerren fan syn mem, komt Johan Veenstra te witten wa’t syn heit
wie. Hy ûntdekt dan ek dat er in healbroer hat. Dit boek begjint as de skriuwer
in brief oan dy ûnbekende broer skriuwt. Nei’t
er de brief op de post dien hat, begjint it spannende ôfwachtsjen hoe’t dy
der op reagearje sil. Yn dy tuskentiid beskriuwt Veenstra mei grutte iepenheid
ferskillende episoades út syn libben: it grutwurden yn in lyts Stellingwerver
doarpke, it ûntdekken fan syn homoseksualiteit, it ferstjerren fan syn mem.
Neist de syktocht fan de soan nei syn heit, is de leafde yn al har
ferskiningsfoarmen it belangrykste tema yn it boek: de geheime leafde fan de
skriuwer, de leafde fan mem en soan en de leafde foar it lânskip en de natuer.
In brêge fan glês is in iepenhertich en ûntroerend boek.
Johan Veenstra hat foar dizze Fryske oersetting spesjaal in neiwurd skreaun dêr’t
er yn fertelt wat der bard is nei it ferskinen fan de oarspronklike edysje fan dit
boek yn 2006.
Bornmeer
ISBN 978-90-5615-225-3
Pries € 17,50